Wolsto staazje rinne by it leukste bedriuw fan Drachten? Lês dan gau fierder... Wy sykje in nije stazjêr(e) fan febrewaris 2023 ôf. Dyn dei begjint om healwei njoggenen, do begjinst mei it opstarten fan dyn kompjûter en pakst in lekker kopke kofje as tee. Do giest drekt sjen hokker sollisitaasjes oft binnenkaam binne en besjochst de CV's. Om njoggen oere nimst, tegearre mei dyn kollega's, diel oan it moarnsoerlis dêr't alle wichtige saken yn besprutsen wurde. Jim beprate wêr't aksje op komme mat, wa't de aksje útfiere sil en notearje it op de askjelist. Nei it moarsnoerlis giest oan'e slach mei dyn eigen taken. Dêrneist stypest dyn kollega's, as it nedich is. As stazjêr(e) bisto in folweardich lid fan it team en kinst folslein meidraaie as yntersedint. Om fiif oere slútst dyn kompjûter ôf en soargest der mei dyn kollega's foar dat jimme it kantoar netsj...